Fan 20 desimber 2008 o/m 3 jannewaris 2009
Tryater's 11Stêdetocht.
In dei út dyn libben,
in minskelibben yn in dei,
it libben as duersport.
De 11Stêdetocht fan Tryater is de langste lokaasjeproduksje oait. Tolve oeren lang wurdst meinommen op in bysûndere reis. Fan taskôger wurdst dielnimmer en fielst hoe’t it is om de ‘tocht der tochten’ út te riden.
Wolkom yn de tuskentiid. Fan no ôf is it doel: sa min mooglik ûnderút gean, en oankomme. Tusken start en finish is der tiid om stikken te slaan en binne der meters om ôflein te wurden. Besykje nergens oan te tinken en lit de wrâld ûnder dy trochsjitte, links rjochts, links rjochts.
De 11Stêdetocht is in reis troch de tiid, troch de rike histoarje fan 100 jier Alvestêdetocht. Der is koek-en-sopy en snert, in eachferblinende finish, in massa taskôgers en in sirene-koar dat dy tasjongt, dyn eigen Alvestêdekrúske en ynkringende lûden dy’t soargje foar Alvestêdedreambylden, waarmte en rêst yn de bus en fansels in iisbaan.
De gronology fan de Alvestêdetocht wurdt loslitten. De 11Stêdetocht wrot him in paad dwers troch tiid en plak.Troch bylden, ûnderfiningen en lûden wurdt de foarstelling yntins belibbe en lit de dielnimmers, of taskôgers, achter mei in Alvestêdeûnderfining riker.
Neist ûnder oaren de yntriges yn Snits, de jierren tritich yn Hylpen en in fantastysk slot yn Ljouwert sjogge we it folgjende:
:: De pittoreske binnestêd fan Dokkum feroaret by de klokslach fan de toer fan in grize strjitte yn in kleurryk skilderij fan de Fryske skilder Ruurd Wiersma.
:: Yn twa grutte, âlde loadsen yn Harns wurde sintugen prikkele troch lûden en de hallusinaasjes fan in ferdwaalde reedrider.
:: Yn Sleat wurde dielnimmers hinn’ en wer slingere tusken it no en de oarlochstiid fan de jierren fjirtich.
Mis it net! It ferfier is mei in lúkse touringcar, iten en drinken op de dei wurdt fersoarge.
Kaartsjes kostje € 75. Bestelle? Klik hjir
Ried nei 11stedetocht.nl foar de nijste blogs, de leukste filmkes en de lêste wizigingen.
KONSEPT IRA JUDKOVSKAJA TEKST JEROEN VAN DEN BERG, TJEERD BISCHOFF, JAN VELDMAN OERSETTING ROMKE TOERING REGY IRA JUDKOVSKAJA, GUIDO KLEENE, KARINA KROFT, JELLIE SCHIPPERS SPILERS JAN ARENDZ, ALYT DAMSTRA, ARNOLD DIJKSTRA, THIJS FEENSTRA, GONNY GAAKEER, MARIJKE GEERTSMA, TAMARA SCHOPPERT, THEO SMEDES, EELCO VENEMA EN OAREN FOARMJOUWING YKJE/DURK VIDEOFOARMJOUWING ANIA HARRE LÛDSDEKOR PETER SIJBENGA YGM SYTZE PRUIKSMA
Trailer makke troch Buro KLEI
Omrop Fryslân Radio, Frysk Filmarchyf en Tresoar bedankt foar it byld en audiomateriaal!